Nynke Laverman – Stadsschouwburg, Utrecht, 6 mrt 2014

****

Aaah, hjoed wie Nynke Laverman wer ris yn Utert. Foarich jier seach ik har hjir al foar de try-out yn de prachtige Leeuwenbergh tsjerke, mar fan ‘e jûn wie it gewoan yn ‘e Stedsskouburch. Eigenaardich genôch wie de seal mar heal fol. Wat sil we hjir no belibje? Hawwe no noch net troch dat Nynke sa wat it bêste is wat it téater hjoed de dei te bieden hat?

Sa blykt it ek wol wêr: Nynke kriget de minsken al by de opkomst by it hert. Prachtig dekor, dat skeelt in hiel ein. Myn geselskip út Limburg hie fansels wat moaite mei de teksten, mar mei namme yn de introduksje fan Eftereach, it prachtige númer mei Tsjêbbe Hettinga, koe Nynke goed utlizze dat tekst mear is as ferstean, en ek fan dwaan hat mei klank, en úteindlik mei poesie. Sa bin Nynke’s teksten ek, en dat skikt krekt mei de hiele tématiek fan Alter: dizze plaat en dit konsert bringt ús ticht by it gefoel dat komt mei libbensferoarjend barren en by de bining mei it Fryske lân.

Laverman kin by my gjin kwea dwaan. Wat sis ik, myn bern Nynke en Tjebbe binne sa ferneamd nei de grutte Fryske dichters fan dizze tiid! De teksten meitsje it foar my ek wol hiel spesjaal, mar blikstjinder, de sterke muzikanten sette hjir ek wol wat del! Ta it lytste detail slút dit as in bus, mei as hichtepunt it fûgelfluitsje fan Sytse Pruiksma en it fenomenale flamenco gitaarwurk fan Edzard Udo de Haes (fêst de soan fan in Grinser hearreboer). En sa fleant der sa wêr oardel oere foarbei. En skriuw ik yniens samar myn earste Fryske stikje súnt myn skoaltiid.

Advertenties
1 reactie
  1. Peeter zei:

    Misschien wel de beste recensie ooit, Alb. Nao dit gelaeze te jibbe, had ik it ok wol wollen sean ofzo

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s

%d bloggers liken dit: